Provincie Fryslân’s Post

View organization page for Provincie Fryslân, graphic

21,699 followers

'It is mei sizzen net te dwaan’ – oftewol ‘Niet praten maar doen!’ 🚴🚶♂️ Yn Fryslân kinne kuierders of fytsers sa’n 100 Rustpunten besykje. De kâns is grut dat men dêr mei yngong fan hjoed Fryske siswizen tsjinkomt yn de foarm fan in buordsje mei útlis oer de betsjutting. De Fryske taal fertsjinnet it om sawol foar ynwenners as foar besikers fan Fryslân sichtberder te wêzen. Om de Fryske taal breder sichtber te meitsjen hawwe de Toerisme Alliantie Friesland, Afûk, Merk Fryslân, Recreatieschap Marrekrite, Stichting Rustpunt en Provinsje Fryslân de hannen gearslein om dat mooglik te meitsjen. Deputearre Friso Douwstra oerlange hjoed it earste buordsje oan Fred Heemskerk fan Stichting Rustpunt.

  • No alternative text description for this image

To view or add a comment, sign in

Explore topics